Spesjaal foar de detailhannel hawwe wy fan Praat mar Frysk wat moais yn de oanbieding: Frysktalige wibelders! De wibelders (ek bekend as wobblers of schapstoppers) litte dyn winkelskap, kassa of baly ekstra opfalle. En do makkest ek noch op in aardige manier dúdlik dat it Frysk by dy wolkom is. Se binne te krijen mei de teksten:

Nij!
Oanbieding!
Praat mar Frysk
Frysk is Wolkom
Hjir kinst ek Frysk prate

De wibelders wurde levere ynklusyf befêstigingsmateriaal en binne dus ienfâldich yn gebrûk. De wibelders binne fergees te bestellen op www.praatmarfrysk.nl/websjop. Wolst mear fan ien bepaalde tekst? Dat kin, stjoer dan efkes in mailtsje nei: praatmarfrysk@gmail.com.

Hawwe de wibelders in plakje by yn de winkel krigen? Lit it ús witte en stjoer ús in berjochtsje mei foto, dan litte wy it wer oan de rest fan de wrâld sjen! Kinst ús fine op Instagram, Facebook en Twitter. Maile nei boppesteand mailadres kin fansels ek!