Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat? En dat dat om goed 150.000 minsken giet? Dêrneist geane der alle jierren hûnderten minsken op kursus om’t se it Frysk graach ferstean, lêze of prate wolle.
Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld. Troch it Frysk te hearren en te brûken learst it it fluchst. Dêr kinne wy allegear oan bydrage. Sa hâlde wy mei-inoar it Frysk yn libben!