Ut in ûndersyk fan studinten fan NHL-Stenden yn opdracht fan de gemeente Waadhoeke, docht bliken dat de ynwenners fan dy gemeente harren eigen memmetaal benammen yn de ynformele sfear brûke.

Sagau’t de omjouwing formeler wurdt, lykas by de dokter of by in ynstânsje, skeakelje se oer op it Nederlânsk. Se skeakelje ek gau oer as de petearpartner in oare taal praat; út fatsoen of om’t se tinke dat dan de kommunikaasje better ferrint. Oan dat flugge oerskeakeljen wol de gemeente wat dwaan.

De Afûk hat al kontakt mei de gemeente Waadhoeke oer dit fenomeen en wol de wurksjops Psychology fan Taal ek oanbiede yn de gemeente.

Mear hjiroer yn de Leeuwarder Courant.

 

Trener of dielnimmer

Ynlogge of registrearje

Nijs

  • Nije data 'Psychology fan dan dyn taal': jou dy op!
    Goed nijs: der steane trije nije data op de aginda! Dus wolsto mear witte oer (dyn) taalgedrach en - gewoantes? Doch dan mei oan de trening Psychology fan dyn taal op ien fan ûndersteande data. - tiisdei 22 maart, 13.30-16.00 oere, Aldeboarn - woansdei 13 april, 19.30-22.00 oere, Drachten - sneon 23 april, 9.30-12.00 oere, Ljouwert De workshops steane ûnder lieding fan Gerda Cuperus. Meidwaan is foar partikulieren fergees. Oanmelde dochst fia opjaan@afuk.frl. Wolsto mei dyn kollega's of team ris yn de psychology fan jim taal dûke? Nim dan kontakt mei ús op.
  • Nije trening foar treners
    Op freed 24 septimber sette wy wer útein mei in trening foar treners foar de workshop Psychology fan dyn Taal. De trening bestiet út 2 dielen en sil jûn wurde yn Loft yn Boksum. De 2e treningsdei is op freed 1 oktober. Beide dagen duorje fan ca. 9.00 - 14.00 oere, lunsj ynbegrepen. De trening is fergees. Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Dan is dizze trening miskien wat foar dy! Hast belangstelling? Nim dan kontakt mei ús op.
  • Ynterview mei Gerda Cuperus yn de Bildtse Post oer ús trening
    Yn de Bildtse Post fan 13 jannewaris 2021 stiet in grut ynterview mei Gerda Cuperus oer de trening Psychology fan Taal. Gerda fertelt dêryn oer har eigen ûnderfiningen en oer de trening. Belangstellenden kinne har fanôf no ek opjaan. Sjoch de link foar de PDF fan it artikel. BP13012021-Psychologyfandyntaal
mear nijs »

Aginda

Gjin items fun.