Yn in ynterview mei Omrop Fryslân fertelt Mirjam Günther, assistint lektor Meertaligheid en Geletterdheid oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden, oer it brûken fan meardere talen yn ien petear. Hjirûnder in pear sitaten út dat ynterview. Sjoch hjir foar it folsleine petear.

“In soad minsken yn Nederlân binne net wend oan de meartalige situaasje sa’t wy dy yn Fryslân kenne. Sy fine dat je yn in petear altyd deselde taal prate moatte, om mei-inoar kommunisearje te kinnen. Dat hoecht lykwols hielendal net, as je inoar mar ferstean. Dan kinne je ek in begryplik petear hawwe en dogge je rjocht oan alle talen.”

Günther fertelt dat út ûndersyk bliken docht dat 94 persint fan de Friezen de Fryske taal ferstiet. “Dus hast eltsenien begrypt it as je Frysk prate. It liket my dan ek gjin probleem as elts syn memmetaal praat, as eltsenien inoar ferstean kin. Dat hjit ek wol it brûken fan in ‘luistertaal’, kommunisearje yn je eigen taal en harkje nei de taal, dy’t je wol ferstean, mar sels net floeiend prate.”

Neffens Günther moatte minsken faak in drompel oer om in oare taal as ‘luistertaal’ te brûken. “It is miskien spannend, mar as je wolle dan kin der in soad. It hat allegear mei je taalhâlding te krijen. Foar myn wurk haw ik ek in soad kontakt mei minsken yn Drinte en Dútslân. Sy prate dan gewoan Drintsk en Dútsk en ik Frysk of Nederlânsk. Wy ferstean inoar, om’t we in soad wurden fan inoar ek wol werkenne. Lûk gewoan de registers iepen. Hokker wurden lykje op de wurden yn je eigen taal. Wat kinne je liede út oare talen. Je sille sjen dat je in soad ûnbewuste taalkennis hawwe.”

Trener of dielnimmer

Ynlogge of registrearje

Nijs

mear nijs »

Aginda

mear aginda »