Goed nijs: yn febrewaris én april 2023 organisearje wy wer op ferskillende plakken yn de provinsje workshops ‘Psychology fan dyn taal’! Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer (dyn) taalgedrach en – gewoantes? Doch dan mei oan de workshop Psychology fan dyn taal op ien fan ûndersteande data.
Febrewaris 2023
Woansdei 15 febrewaris, Bûtenpost, 19.30-22.00 oere
Sneon 18 febrewaris, Ljouwert, 10.00-12.30 oere
Tongersdei 23 febrewaris, Boalsert, 19.30-22.00 oere
April 2023
Woansdei 12 april, Balk, 19.30-22.00 oere
Woansdei 19 april, Drachten, 19.30-22.00 oere
Sneon 22 april, Frjentsjer, 10.00-12.30 oere
Meidwaan is foar partikulieren fergees. Oanmelde dochst fia de reade oanmeld-button of fia opjaan@afuk.frl (dyn namme, wenplak, telefoannûmer en fansels it kursusplak).
Wolsto mei dyn kollega’s of team ris yn de psychology fan jim taal dûke? Nim dan kontakt mei ús op foar mear ynformaasje.