Op freed 24 septimber sette wy wer útein mei in trening foar treners foar de workshop Psychology fan dyn Taal. De trening bestiet út 2 dielen en sil jûn wurde yn Loft yn Boksum. De 2e treningsdei is op freed 1 oktober. Beide dagen duorje fan ca. 9.00 – 14.00 oere, lunsj ynbegrepen.
De trening is fergees.
Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Dan is dizze trening miskien wat foar dy!
Hast belangstelling? Nim dan kontakt mei ús op.