Fan 6 o/m 8 febrewaris 2020 binne oan ‘e Universiteit fan Valencia treningen jûn oer taalassertiviteit troch prof. Ferran Suay yn it ramt fan it Erasmus+-projekt LISTEN. De Afûk is partner yn dit projekt en riedt op dit stuit treningen en byienkomsten ta oer dit ûnderwerp.

Annewiep Bloem en Mirjam Vellinga hawwe de treningen folge. ‘It wie tige ynteressant’ fertelt Mirjam Vellinga. ‘Wy hawwe in soad ekstra ynsjoch krigen yn de psyche fan de ‘minderheidstaalsprekker’. Wêrom giet dy soms sa gau oer nei de mearderheidstaal? Wêrom is it sa lestich om in twatalige konversaasje te hâlden? En wat kinne wy dwaan sadat mear minsken harren taal mei mear selsfertrouwen brûke?’ De nije ynsichten wurde meinommen yn de treningen oer taalgebrûk en taalgedrach dy’t dit jier yn de maitiid úteinsette sille.

Neist de Afûk wiene der fertsjintwurdigers fan Ierske, Welske, Katalaanske en Hongaarske organisaasjes oanwêzich.

Trener of dielnimmer

Ynlogge of registrearje

Nijs

  • Mirjam Günther: "Meardere talen yn ien petear is net asosjaal, Frysk kin ek in 'luistertaal' wêze"
    Yn in ynterview mei Omrop Fryslân fertelt Mirjam Günther, assistint lektor Meertaligheid en Geletterdheid oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden, oer it brûken fan meardere talen yn ien petear. Hjirûnder in pear sitaten út dat ynterview. Sjoch hjir foar it folsleine petear. "In soad minsken yn Nederlân binne net wend oan de meartalige situaasje sa't wy dy yn Fryslân kenne. Sy fine dat je yn in petear altyd deselde taal prate moatte, om mei-inoar kommunisearje te kinnen. Dat hoecht lykwols hielendal net, as je inoar mar ferstean. Dan kinne je ek in begryplik petear hawwe en dogge je rjocht oan alle talen." Günther fertelt dat út ûndersyk bliken docht dat 94 persint fan de Friezen de Fryske taal ferstiet. "Dus hast eltsenien begrypt it as je Frysk prate. It liket my dan ek gjin probleem as elts syn memmetaal praat, as eltsenien inoar ferstean kin. Dat hjit ek wol it brûken fan in 'luistertaal', kommunisearje yn je eigen taal en harkje nei de taal, dy't je wol ferstean, mar sels net floeiend prate." Neffens Günther moatte minsken faak in drompel oer om in oare taal as 'luistertaal' te brûken. "It is miskien spannend, mar as je wolle dan kin der in soad. It hat allegear mei je taalhâlding te krijen. Foar myn wurk haw ik ek in soad kontakt mei minsken yn Drinte en Dútslân. Sy prate dan gewoan Drintsk en Dútsk en ik Frysk of Nederlânsk. Wy ferstean inoar, om't we in soad wurden fan inoar ek wol werkenne. Lûk gewoan de registers iepen. Hokker wurden lykje op de wurden yn je eigen taal. Wat kinne je liede út oare talen. Je sille sjen dat je in soad ûnbewuste taalkennis hawwe."
  • Earste groep treners oan ‘e slach
    Op 2 july sil de earste groep fan 7 treners oan 'e slach mei de workshop De psychology fan taal. In trening foar treners dus! Dizze treners sille aanst hooplik oan in grut ferskaat oan groepen ús trening jaan. De workshop sil plakfine yn Loft yn Boksum. Hast ek belangstelling om trener te wurden? Nim kontakt mei ús op fia: praatmarfrysk@gmail.com  
  • Sjoch ek ris op de LISTEN-website
    Neist dizze website is der ek in ynternasjonale website foar dit projekt mei ynformaasje en ynfalshoeken út oare minderheidsregio’s. Binnen it ynternasjonale projekt wurkje wy oan in algemiene opset foar trainingen, materialen en in MOOC. De ûnderfiningen dy’t wy yn Fryslân opdogge wurde wer meinommen yn de ûntwikkeling fan dizze materialen. www.listen-europe.eu
mear nijs »

Aginda

mear aginda »