Ja! No freed 13 juny traapje wy de PraatmarFrysk-aksje mei Arriva ôf! Om 10:30 oere stean wy tegearre mei ús freonen fan Arriva en deputearre Johannes Kramer op it Ljouwerter busstasjon foar de offisjele ôftraap!
Frysk prate tsjin de bussjauffeur yn Fryslân? De gewoanste saak fan e wrâld fansels! Dêrom slaan Arriva en wy fan PraatmarFrysk de hannen gear en ride de Arriva-bussen yn it ramt fan de PraatmarFrysk-aksje yn it iepenbier ferfier de kommende tiid mei prachtige Praat mar Frysk-reklame en kinst Fryske gedichten en oare Fryske weetjes lêze op de ynfoskermen yn de bus. Praat mar Frysk, ek yn de bus!
Bist no freed 13 juny om 10:30 oere yn e buert fan it Ljouwerter busstasjon? Wip even del want wy diele tútsjes fan Doutzen út!