Yn novimber 2019 hat de Afûk it Bijepakt tekene.
Dat hâldt yn dat der no in krúsbestowing plak fine sil tusken bioferskaat en de Fryske taal.
Wy fan Praat mar Frysk fine bioferskaat en taalferskaat ek belangryk en wurkje mei oan it bijepakt fan de Afûk. Der komme in pear leuke Praat mar Frysk-aksjes oan!

“Ut ûndersyk docht bliken dat der in korrelaasje is tusken it ferdwinen fan taalferskaat en bioferskaat. De oarsprong leit yn ‘e oantaasting fan it lânskip.”, sa fertelt Mirjam Vellinga. “Dêrtroch ferdwine der bisten en planten en dêrmei ek de nammen fan dy bisten en planten en de wurden dy’t dêrmei ferbûn binne. It yngripen yn it lânskip kin sels liede ta it ferdwinen fan in taalmienskip, tink bygelyks oan de folken en talen yn it Amazône-gebiet. Dat liket fier fuort, mar ek it Frysk hat te krijen mei it ferearmjen fan ‘e taal troch de ferskraling fan it lânskip en it ferdwinen fan bisten en planten. Dêr wolle wy de minsken bewust fan meitsje. ”

It Bijepakt is in inisjatyf fan Silence of the Bees.

Sjoch ek by: https://afuk.frl/afuk-tekent-bijenpact/