Anke fan kemping De Wigwam yn Aldemardum bestelde Praat mar Frysk-materiaal om har Fryske gasten sjen te litten dat se har ek op harren fakânsjeadres gewoan yn harren memmetaal uterje kinne. Mar ék om gasten fan bûten Fryslân yn ‘e kunde komme te litten mei it Frysk. Wy fan Praat mar Frysk wienen benijd nei it ferhaal en gienen op ‘e kofje by kemping De Wigwam! Praat mar Frysk op de kemping!