De eksamens sitte der hast wer op en noch eefkes en de útslaggen binne bekend. Bist slagge? Wy hawwe yn gearwurking mei de Dokkumer Vlaggen Centrale foar dy de ienige echte Fryske Slagge-flagge meitsje litten!

Dus bist slagge? Of kinst ien dy’t ynkoarten slagget of al slagge is? Hingje de Slagge-flagge út en meitsje tagelyk it Frysk sichtber! De Slagge-Flagge is foar €14,95 te krijen yn de Afûk-websjop.

De Fryske ‘slagge-flagge’ met de tekst ‘Jawis! #slagge’ is makke fan it doeksoart poly-glan en hat it formaat 100 by 150 sm. (foto: Sjoukje Jager)