Spesjale aksje?


Neist in soad bekende Friezen en BN-ers, dogge der alle kearen ek in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei. Sa dienen ferline jier útstjoerburo’s, musea, sikehuzen, ferskate Fryske oerheden en lokale winkeliers mei oan de Fryske Twitterdei.

Guon fan harren betochten sels in spesjale hekstek #Frysk-aksje om de klant op Fryske Twitterdei in oanbieding te dwaan of om koarting te jaan op guon produkten en/of tsjinsten. Wy fan Praat mar Frysk fine soks geweldich, dat wy binne heel benijd oft jim bedriuw dit jier ek in aksje op tou set.

Hat jim bedriuw in hekstek #Frysk-aksje? Of binne jim fan doel in aksje op te setten? Lit it ús witte, wy besteegje der graach oandacht oan! Mail jim ideeën nei: praatmarfrysk@gmail.com en wy litte gau wat fan ús hearre!