Praat mar Frysk Stimmebank

De Stimmebank jout in oersjoch fan ferskillende stimmen dy't beskikber binne
foar it ynsprekken fan reklames, filmkes, gedichten en ferhalen.

Sykje en harkje

By elk profyl fynst in stim-ympresje. Hasto in geskikte stim fûn, nim dan direkt kontakt op mei de ynsprekker. Sit dé stim der net by? Stjoer in mail nei praatmarfrysk@gmail.com en lit ús witte watsto sikest.

Filterje

Fryske tekst nedich?

Taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is fergees. Foar gruttere stikken tekst of betinken fan reklameteksten freegje wy in fergoeding. Nim kontakt mei ús op.

Albrecht Kok    (1962)

Reklameboadskippen, dokumintêres, voice overs, film of foarljochting
Ik hear faak fan minsken út myn omjouwing dat ik in moaie heldere en werkenbere stim ha. Ik mei ek graach stimmen imitearje.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Amarens Reitsma    

Demonstraasje- en foarjochtingsfilmkes, bedriuwsfilmkes en (berne)boeken
Foar myn wurk as arsjitekt jou ik geregeld presintaasjes en lêzingen. Ik bin dus wend oan it sprekken foar publyk

Lústerje nei in pear foarbylden:

Anna de Vries    (1985)

Ferhalen, oankundigingen, ferskes en gean sa mar troch.
Ik bin sjongeres yn in coverband. Kinst myn stim brûke foar ferskate saken sa as ferhalen, oankundigingen, ferskes en gean sa mar troch.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Ate Grypstra    

Reklamekampanjes, gedichten, ferhalen, spesjalisearre yn Wâldfrysk
Ik fyn it leuk om ek in oar syn kreative teksten foar it fuotljocht te bringen.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Baukje de Vries    (1958)

Fan alles!
Wat it ynsprekken fan teksten oanbelanget: wat it bêste by my past.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Bertina Grijpstra    

Ferhalen, gedichten, ferskes en fan alles en noch wat.
Ik hâld der fan om mei myn stim te wurkjen. Wat it soart teksten om yn te sprekken oangiet: ik sjoch oeral wol útdaging yn!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Carla van Hoorn    (1972)

Reklames, audioboeken, bedriuwsfilmkes.
Ik ha hiel wat jierren radiomakker west by in lokale omrop. Myn ûnderfining wol ik graach brûke by ferskate projekten.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Diana de Groot    

Filmkes, dokumentêres, berneferhalen, audioboeken. Ik bin oeral foar yn!
Ik ha in hiel soad ûnderfining mei ynsprekken. Ik wurkje al 12 jier as presintator foar radio en TV.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Dirkje Rodenhuis    

Berneboeken, bedriuwsfilmkes en reklame.
De mearkewrâld ta libben bringe mei in berneboek, bedriuwen promote mei nijsgjirrige teksten dát is wêr’t ik myn stim foar liene wol!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Eelke Wiegersma    

Reklames, bedriuwspresintaasjes en voice-overs
Ik ha wurke foar in grut ferskaat oan media yn Fryslân, lykas Omrop Fryslân en ha tsjintwurdich myn eigen fideoproduksjebedriuw.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Elly Brouwer-Riepma    (1973)

Alle soarten fan teksten
Ik mei ús bern graach boekjes foarlêze, mar ha op it stuit gjin foarkar foar bepaalde teksten. Dat lit ik ek oan jo oer.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Forina van der Zee    (1971)

Ferhalen, gedichten, foarljochting, reklame. Biltsk en Frysk
Ik lês graach foar yn it Biltsk en yn it Frysk!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Froukje Kits    (1970)

Foarjochtingsfilmkes, audioboeken, reklame
Yn it ferline haw ik al reklamefilmkes ynsprutsen, dêr sels yn spile en ek yn songen.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Gerrit Haaksma    

Alle soarten fan teksten.
Ik bin akteur en benammen bekend fan ferskate kroechteaterproduksjes. Ferline jier ha ik teksten foar de stedskuier fan Drylts ynsprutsen.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Jannie Geertsma    

Reklames, animaasjes, ferhalen, berneboeken en edukative en ynformative teksten
As sang-en muzykdosint bin ik wend om foar in groep te sprekken en myn stim op allerhande wizen te brûken.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Jantine Wiersma    

Reklames, presintaasjes, reportaazjes, teksten foar bern, foarljochtingsfilmkes
It liket my moai om teksten foar bern yn te sprekken, mar ek teksten foar folwoeksenen gean ik net út de wei.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Jetske Miedema    (1955)

Reklame, foarljochting, (berne)boeken, ferhalen en gedichten, radio en tv
As juf, trouamtner, presintatrise, spylster, ferhalefertelster ha ik behoarlik wat (stim) ûnderfining opdien

Lústerje nei in pear foarbylden:

Johan Mud    (1976)

Reklames , voice-overs, audioboeken
Ik bin in soad mei myn stim dwaande bin en krij faak reaksjes dat ik mear mei myn stim dwaan moat. Dus hjir bin ik!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Joke Joustra    (1948)

Reklames, audioboeken, bedriuwsfilmkes, voice-overs, teater en foarljochting.
Myn stim brûke foar ferskate funksjes liket my geweldich moai en lit ik oan jo oer wêr't ik geskikt foar bin.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Klaasje Tjoelker    (1979)

Allerhande saken
Ik wurkje op it stuit as meiwurker marketing en publisiteit by Tryater.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Lammert Halma    (1976)

Reklames, teater, foarljochting, demonstraasjefilmkes en bedriuwsfilmkes
Ik ha it altyd moai fûn om wat mei myn stim te dwaan. En ik bin altyd yn foar in nije útdaging!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Lyda Lantinga    (1956)

Allerhande teksten
De teksten dy’t ik graach ynsprekke wol? It makket my net safolle út; ik bin oeral foar yn!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Manda Faas    (1973)

Myn stim is te brûken foar audioboeken, reklame, tillefyzje en poppekastfoarstellings.
Foarlêze is ien fan de dingen dy't ik hiel graach doch, lykas sjonge, lêze en toanielspylje.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Marieke de Vries    

Myn stim is te brûken foar ferskate opdrachten: "Sis it mar!"
Myn stim is myn fisitekaartsje en gauris te hearren yn de reklameblokken by Omrop Fryslan radio & telefyzje. Ik bin twatalich ynsetber en ha ûnderfining as Frysk- en Nederlânsktalige voice over.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Marike Boersma    

Audioboeken, gedichten
Wannear’t ik gedichten foarlês, sizze de minsken faak dat ik sa’n dúdlike stim ha.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Martsje Veenstra    

Audioboeken
Ik mei graach lêze, dat ik soe it leafst audioboeken foar bern en folwoeksenen ynsprekke.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Monique Vellinga    

Reklames, audioboeken en voice overs
Yn it ûnderwiis ha ik ûnderfining opdien mei it fertellen fan ferhalen en mei foarlêzen.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Nynke de Jong    

Audioboeken, voice-over
Ik sjong yn in koar en ik mei graach foarlêze. Op dat lêste soe ik my dan ek konsintrearje wolle by 'stimklusjes'.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Nynke Kramer    (1975)

audioboeken, presintaasjes, filmkes
Ik ha presintearre, toanielspile, telefoniste west en (nei it HBO) foar de klasse stien.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Petra Woudwijk    

Reklame, foarljochting, berneboeken
Binne jo op syk nei in Voice, dan is Petra Woudwijk de goeie choice!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Romkje Bosma    (1953)

Lêze, ynsprekke en foardrage fan alle soarten tekst yn aksintleas Frysk én Nederlânsk
Ik krij gauris te hearren dat ik sa’n moaie stim ha. Ik brûk myn stim graach en ha in protte ûnderfining.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Saakje Namminga    (69)

Audioboeken
Troch myn wurk as kreamfersoarchster ha ik altyd in protte mei bern dien, dêrom liket it my wol leuk om berneboeken foar te lêzen.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Sepkje Tamminga    (42)

Berneboeken en wat der fierder mar foarby komt.
It liket my leuk om in ferhaal of boek foar te lezen. Oan 'e oare kant stean ik seker iepen foar oare dingen dêr't jim myn stim geskikt foar fine.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Sieds Wijnalda    (1959)

Reklame, voice overs, bedriuwsfilmkes
Myn stim (lûd): dúdlik, fleksibel, saaklik.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Sieuwke Rijpma-Joustra    (1978)

Fan alles en noch wat.
Ik sjong in protte en lied in eigen bernekoar: De Sinnestrieltsjes. Ik lês myn bern altyd mei in soad nocht foar.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Silvia Hania    (1974)

Reklames en voice-overs fan bygelyks bedriuwsfilmkes en dokumintêres.
Foar in radiostasjon mei foaral Hollânsktalige muzyk ha ik in skoftsje de froulike oankundigingsstim west. Ik ha ek geregeld radioreklames ynsprutsen.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Sjoerd van Beem    (1980)

Audioboeken, foarljochting, presintaasjes.
Ik bin beskikber foar alle projekten dêr't ik, yn gearwurking mei de opdrachtjouwer(s) wat moais fan meitsje kin. We komme der fêst út!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Sjoukje Jager    (1968)

Reklames, edukatyf materiaal, ferhalen, gedichten, foarljochting.
Foar myn wurk sprek ik regelmjittich allerhanne teksten yn: ferhaaltsjes, diktees, gedichten, spotsjes: alles wat mar in stim nedich hat.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Sytske de Boer    (1950)

Audioboeken, voice overs, dokumintêres.
Ik hâld fan theater en muzyk, mei graach lêze en mei minsken omgaan.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Thea Leickering    (1960)

Boeken, berneboeken, dokumintêres en reklames.
Foar it ynsprekken fan boeken, berneboeken, dokumintêres en reklames binne jo by my oan it goeie adres.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Timna Hacquebord    (1990)

Teater, berneferhaaltsjes, reklames, bedriuws- en demonstraasjefilmkes.
Al in pear jier bin ik aktyf mei teater en ik sjong al myn hiele libben.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Tjitske Smits    (1977)

Allerhande teksten.
Wat aardich dat jo myn profyl oanklikke!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Wendy Kennedy    (1983)

Audioboeken, berneferhalen en filmkes.
It dwaande wêzen mei de stim fyn ik altyd wer in leuke útdaging. Ik wurkje as ferslachjouwer foar it radio- en tv-nijs by Omrop Fryslân.

Lústerje nei in pear foarbylden:

Wietske de Jong    (1974)

Reklame, foarljochting, berneboeken, demonstraasjefilmkes en bedriuwsfilmkes.
Ik kom fan De Jouwer en bin ek fotomodel en aktrise. Der is fêst in hiel soad mei myn stim te dwaan. Dus ik hear graach fan jim!

Lústerje nei in pear foarbylden:

Wouter van der Wal    (38)

Reklames, ferhalen, gedichten, dokumintêres, nijs, harkspullen en tekenfilms
It liket my foaral leuk om ris wat mear teatrale dingen te dwaan mei myn stim, bygelyks troch mei te wurkjen oan in harkspul of in tekenfilm.

Lústerje nei in pear foarbylden: