‘Goemoarn, kin ik jo helpe?’
Op hokker wize soe in klant it leafst oansprutsen wurde? Fansels, yn syn eigen memmetaal!
Mear as de helte fan de ynwenners fan Fryslân hat it Frysk as memmetaal en 98 % fan de ynwenners kin it Frysk ferstean. Sawat elkenien dus.
Klanten stelle it op priis dat sy te wurd stien wurde yn harren memmetaal. It skept in bân. Ek minsken fan bûten stelle it tige op priis dat se wat fan de Fryske taal en it Frysk eigene meikrije, faak fine se it Frysk nijsgjirrich. En sa bringt it Frysk jo tsjinst of produkt tichter by de klant.
Dêrom sizze wy: Praat mar Frysk.
Wy jouwe hjir in pear praktyske tips dy’t jo hjoed al brûke kinne en op oare plakken op de site fine jo ynspiraasje foar mear Frysk yn jo bedriuw. Sjoch bygelyks ris nei ien fan de bedriuwsfideo’s dêr’t ûndernimmers en organisaasjes fertelle hoe’t sy it Frysk brûke.
Tip 1: Begjin ris faker mei it oansprekken fan de klant yn it Frysk. Brûk it Frysk faker en sjoch hoe’t klanten dêr op reagearje.
Tip 2: Meitsje it Frysk sichtber! Brûk Frysk op dyn bebuording, dyn bedriuwsauto en yn dyn reklame-uteringen. Wy biede ferskate mooglikheden by it oersetten fan dy teksten. Foar it ynsprekken fan Frysktalige reklames hawwe wy in stimmebank ta ús beskikking.
Tip 3: Ek online kinst it Frysk faker brûke. Mear Frysk op dyn website, of pleats moaie social media-berjochten yn it Frysk. By it oersetten en neisjen kinne wy dy fansels helpe.
Europa
Yn tal fan lannen wurde meardere talen neist elkoar brûkt. Yn totaal prate der yn Europa mear as 50 miljoen minsken in minderheidstaal. Hieltyd mear bedriuwen en organiaasjes brûke yn harren tsjinstferliening dat ferskaat oan talen om’t it emosjonele en dêrtroch kommersjele mearwearde hat. It jout oan wa’t jo binne en wêr’t jo foar steane.