De workshop biedt ynsjoch yn ‘taalgedrach en – gewoantes’ fan minsken yn it algemien. Dêrneist jout de workshop hanfetten om keuzes te meitsjen yn dyn eigen taalgedrach yn it bysûnder.
Net omdat it moat, mar omdat it nijsgjirrich is. Fleurich, mei ynhâld en foar elkenien te folgjen.
Wy binne de Fryske partner yn it Europeesk Erasumus+ taalprojekt LISTEN.
LISTEN giet oer it fenomeen datst as minderheidstaalsprekker faak en meastal ûnbewust oerskeakelest nei de mearderheidstaal. Of datst bewust of ûnbewust al yn de mearderheidstaal begjinst. Dat is in universeel fenomeen.
Binnen LISTEN ûntwikkelje wy trenings om dit ûnder de oandacht te bringen. Want wêrom soest switche as de oar dy begrypt of sels deselde taal praat as dy? Oare partners yn LISTEN binne de Universiteit fan Valencia (Katalaansk), IAITH (Welsk), Conradh na Gaeilge (Iersk) en de Universiteit Sapientia (Hongaarsk yn Roemenië), ELEN (European Language Equality Network), CNDR (Pisa, Italië).
Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Nim dan kontakt mei ús op. Wy litte sgm wat fan ús hearre en fertelle dy wat de folgjende stappen binne.