De earste treningen Psychology fan Taal foar treners binne dit seizoen hâlden yn Loft yn Boksum.
De 6 dielnimmers krigen ynformaasje oer de opbou fan de trening en de teoretyske eftergrûn fan psychologyske fenomenen dy’t mei it switchen fan de iene taal nei de oare taal te krijen hawwe. Want wannear skeakelest oer fan dyn taal (yn dit gefal it Frysk of it Biltsk) nei it Nederlânsk, en wêrom? Watfoar oannames spylje dêryn in rol? Watfoar ferhaal fertelst dysels en hoe reagearresto op de reaksje fan dyn petearpartner? De dielnimmers krigen hanfetten om dêr mear ynsjoch yn te krijen en dêr ek konkreet mei oan de slach te gean.

De treners sille dit jier in tal proefworkshops hâlde en fanôf 2021 oan de slach mei taalpsychology en gedrachsferoaring. De workshops kinne jûn wurde oan partikulieren, organisaasjes en bedriuwen.

Belangstelling? Lit it ús witte en stjoer in mail nei: praatmarfrysk@gmail.com

De trening en workshop Psychology fan Taal is ûnderdiel fan it LISTEN-projekt.