Op 26 septimber is it wer Europeeske Taledei. Dan organisearret it EBLT yn gearwurking mei oaren in bysûndere presintaasje, nammentlik de grutte start fan de pr rûnom it Minority Safepack-inisjatyf yn Nederlân. It giet dêrby om in boargerinisjatyf nei de EU ta, útgeande fan de taalminderheidsorganisaasje FUEN. It doel is dat de EU him sterk makket foar de ferskate minderheidstalen en regionale talen yn ‘e lidsteaten. It boargerinisjatyf moat ûndertekeners hawwe om jildich wêze te kinnen. Wy en oaren besykje yn Nederlân sa folle as mooglik ûndertekeners te krijen: op ynternet of op papier. Yn totaal binne der mear as in miljoen hantekenings nedich.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje en om te tekenjen.