US TRENERS!

Hjirûnder fynst in oersjoch fan ús treners mei in koarte biografy. Us treners hawwe allegear ûnderfining mei coaching of prosesbegelieding en it jaan fan workshops, en se hawwe fansels allegear in spesjale bining mei taal!

Lian Nijenhuis

Lian Nijenhuis is Friezin van oorsprong, geboren in Nieuwehorne en getogen in Mildam. Na omzwervingen in Leeuwarden, Frankrijk en Groningen woont zij alweer bijna 20 jaar in Mildam met haar gezin. Met familie met wortels in de stellingwerven en Friesland en thuis met de Nederlandse taal opgevoed is zij van alle talen thuis. Vanuit haar eigen bedrijf werkt zij als procesbegeleider en trainer met het gedachtegoed en de gesprekstools van Deep Democracy aan verbindend leiderschap voor leiders van de toekomst. Als ‘natuurlijke’ coach brengt zij mensen letterlijk in beweging in de buitenlucht op de (race) fiets.

Gerda Cuperus

Gerda Cuperus is geboren op ‘t Bildt en ok al weunt se der al jaren niet meer, hur taal is se altyd trou bleven. Se weunt al ‘n mooi skoft in ‘t prachtige Aldeboarn. In hur werkseme leven is se fan oorsprong maatskaplik werker en sont 2016 as ZZP’er aktyf as coach, interfizybegelaider, trener en supervisor. Taal het foor hur te krijen met thús weze en aksepteerd worre en se het d’r ok ‘n prot lol met. Met plesier en liefst sonder oordelen na je aigen (taal-)gedrag kike is de rooie draad in hur werk.

Gerbrich Dijkstra

Myn namme is Gerbrich Dijkstra en ik bin sa’n 30 jier in Fries om utens. Ik wenje yn in doarpke yn Grinslân, mar bin sa wiis mei myn memmetaal dat ik sels dêr Frysk praat mei de bern. As zzp’er op bestjoerskundich mêd – ik mei graach ‘sleutelje’ oan better funksjonearjende gemeenten – ha ik wolris in putsje yn Fryslân en mei troch de taal fielt dat altyd wer as thúskommen. De workshop Psychology fan myn taal jout my de gelegenheid om mei oare minsken oer ien fan myn favorite saken te praten: de Fryske taal en wat dy foar dy betsjut.

Karen de Jong

Ik bin Karen. Ik wenje mei myn man en ús gearstalde húshâlding yn it moaie Bakkefean. Oan ‘e râne fan it Drents-Friese Woud. Yn it deistich libben bin ik ûndernimmer. Ik wurkje in protte as interim-manager, benammen yn fúzje-organisaasjes. Derneist jou ik trainingen yn Deep Democracy, Systemisch Wurk en teamûntwikkeling. En ik wurkje foar de Afûk as wurksjoplieder Psychology fan dyn taal. Streektalen, en dan benammen myn eigen memmetaal, it Frysk, lizze my fansels nei oan it hert!

Sandra Buith

Ik bin Sandra Buith en ik wenje yn Oentsjerk mei myn dochters en hûnen. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en Nederlânsktalich grutbrocht. Beppe fûn it wol belangryk om Frysk tsjin my te praten, mar ik ferstie it net altyd … Sa krige ik in kear sûpe (karnemelk) fan beppe, mienend dat ik sop krije soe. Nei 10 jier ‘om utens’ die ik, werom yn it heitelân, in kursus Fries voor niet-Friestaligen. Dêr ûntduts ik dat myn wurdskat best wol grut is en koe ik myn eangst om Frysk te praten oerwinne. Sûnt dy tiid praat ik graach (en bewust) Frysk yn winkels, by gearkomsten dy’t ik lied, yn myn coachingspraktyk en by treningen dy’t ik jou.

Nijs

  • Workshop 'Psychology fan dan dyn taal': nijsgjirrich en leuk om te dwaan
    Goed nijs: yn febrewaris én april 2023 organisearje wy wer op ferskillende plakken yn de provinsje workshops 'Psychology fan dyn taal'! Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer (dyn) taalgedrach en - gewoantes? Doch dan mei oan de workshop Psychology fan dyn taal op ien fan ûndersteande data. Febrewaris 2023 Woansdei 15 febrewaris, Bûtenpost, 19.30-22.00 oere Sneon 18 febrewaris, Ljouwert, 10.00-12.30 oere Tongersdei 23 febrewaris, Boalsert, 19.30-22.00 oere April 2023 Woansdei 12 april, Balk, 19.30-22.00 oere Woansdei 19 april, Drachten, 19.30-22.00 oere Sneon 22 april, Frjentsjer, 10.00-12.30 oere Meidwaan is foar partikulieren fergees. Oanmelde dochst fia de reade oanmeld-button of fia opjaan@afuk.frl (dyn namme, wenplak, telefoannûmer en fansels it kursusplak). Wolsto mei dyn kollega's of team ris yn de psychology fan jim taal dûke? Nim dan kontakt mei ús op foar mear ynformaasje.
  • Nije trening foar treners
    Op freed 24 septimber sette wy wer útein mei in trening foar treners foar de workshop Psychology fan dyn Taal. De trening bestiet út 2 dielen en sil jûn wurde yn Loft yn Boksum. De 2e treningsdei is op freed 1 oktober. Beide dagen duorje fan ca. 9.00 - 14.00 oere, lunsj ynbegrepen. De trening is fergees. Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Dan is dizze trening miskien wat foar dy! Hast belangstelling? Nim dan kontakt mei ús op.
  • Ynterview mei Gerda Cuperus yn de Bildtse Post oer ús trening
    Yn de Bildtse Post fan 13 jannewaris 2021 stiet in grut ynterview mei Gerda Cuperus oer de trening Psychology fan Taal. Gerda fertelt dêryn oer har eigen ûnderfiningen en oer de trening. Belangstellenden kinne har fanôf no ek opjaan. Sjoch de link foar de PDF fan it artikel. BP13012021-Psychologyfandyntaal
mear nijs »

Aginda

Gjin items fun.