Yn oktober 2019 diene wy in oprop oan supermerkûndernimmers yn Fryslân om it Frysk yn harren winkels mear sichtber te meitsjen. Meardere ûndernimmers hawwe dêrop reagearre en nei oanlieding dêrfan waarden ein desimber 2019 de earste twa Frysktalige supermerken offisjeel iepene. ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar en de Albert Heijn yn Damwâld binne fan freed 20 desimber ôf op en top Frysk.
De Praat mar Frysk-kampanje is fierwei de leukste kampanje fan Fryslân en bestiet al sûnt 2007. Mei de Praat mar Frysk-kampanje wolle wy it brûken fan it Frysk stimulearje en Friezen en oaren bewustmeitsje fan de twataligens yn ús provinsje. Tegearre mei ús community bouwe wy oan in sterker imago foar it Frysk. Want op it Frysk en ús twataligens meist bêst wol grutsk wêze!
Wy meitsje it Frysk op in hiel soad plakken sichtber: op digitale platfoarmen as Facebook, Twitter, Instagram, YouTube, LinkedIn en Tumblr, mar ek yn winkelstrjitten, by bedriuwen, sikehuzen, gemeenten en by de minsken thús. Dat dogge wy mei ús Praat mar Frysk-kampanjematerialen en mei ferskillende aksjes en projekten.
De Fryske Kroechkwis fan Praat mar Frysk reizget hiel Fryslân troch. Fan Brantgum oant Sint Nyk en fan De Rottefalle oant Easterein, wy komme oeral! Wolst ús ek ris op besite? Mail nei: praatmarfrysk@gmail.com!
Mar om’t wy net oeral tagelyk wêze kinne, wurkje wy op it stuit ek oan de ienige echte Praat mar Frysk Kroechkwis web-app. Mei dy web-app kinst de Kroechkwis ek sels organisearje. Yn ‘e keet, yn de sportkantine, by jim op ‘e saak of gewoan thús! Benijd? Stjoer ús in mailtsje en wy fertelle dy der graach oer!
It Frysk sichtber meitsje… dêr binne wy wol goed yn. Earder al yn Terherne, yn 2019 ek yn Droegeham en in jier letter tegearre mei Silence of the Bees en de gemeente Waadhoeke ek op it Bilt en yn Frjentsjer!
Praat mar Frysk bestiet al sûnt novimber 2007. Wy binne doe út ein set mei aksjes yn Tytsjerksteradiel. Yn desimber dat jier hawwe wy in Hyves-side oanmakke om te sjen oft it ek wat wie om it Frysk op social media in plak te jaan. En fansels sei ús Doutzen ‘ja’ tsjin de kampanje en waard sa ús earste ambassadrise.
Doe giet it rap, nei Doutzen folgen hieltyd mear bekende Friezen dy’t harren namme oan de kampanje ferbine woenen. Yn rap tempo groeiden ús Hyves-side út ta ien fan de grutste digitale communities Frysk.
Neist de aksjes yn Tytsjerksteradiel hiene wy begjin 2008 ús earste útdielaksje yn Ljouwert en al gau folgen oare stêden en doarpen dêr’t it stintrum read kleure fan de Praat mar Frysk-opblaaslippen en oar promoasjemateriaal.
Op ’t heden hawwe wy mei ús Twitter en Facebook-side noch altyd ien fan de aldergrutste Fryske digitale communities dêr’t alle dagen wat te belibjen is en dêr’t elkenien it fanselssprekkend fynt om it Frysk te brûken. En net allinnich op social media, ek yn de kroech, op skoalle, yn de supermerk en op it sportfjild: Praat mar Frysk!