Wolkom ’Gouden’ Jorrit!


Net minder as de ienige echte no al wrâldferneamde Fries Jorrit Bergsma komt ús ambassadeursteam ferstjerkjen! Wolkom Jorrit! Moai datst der by bist! En fansels op nei in prachtich gouden plak yn Sotsji! Wy helpe dy graach! Fryslân boppe no?

Jorrit stiet mei syn ambassadeurskip yn in prachtich rychje mei ús Doutzen, Foppe de Haan, Pieter Weening, Jeroen ’Baba’ Wijnand, Herre en Epke Zonderland, Jitiizer, Iris Kroes, Wout Zijlstra, Gerbrich van Dekken, Equal Souls, Geert Arend Roorda, Syb van der Ploeg en jim fansels!