Yn 2018 is Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa. Lân fan taal is dêr in wichtich ûnderdiel fan. Lân fan taal is in frijsteat foar álle talen fan de wrâld, dêr’t alle talen gelyk binne en taal gjin grinzen mear hat. Yn 2018 kinst Lân fan Taal fine yn en om it Aldehoustertsjerkhôf en yn de Prinsetún. Lân fan taal hat syn eigen besikerssintrum op it plein en bestiet dêrneist út tal fan aktiviteiten en projekten fan tal fan organisaasjes, minsken en groepen. De Afûk organisearret ek in tal fan dy aktiviteiten, dêr’t û.o. Praat mar Frysk in grutte rol yn spilet.
Yn de Prinsetún komt it Talepaviljoen, de húskeamer fan de taal, dat wy mei Buog ûntwikkelje. Yn it paviljoen stiet neist it Frysk alle wiken in taal sintraal. Dat kin gean om in streektaal yn Nederlân, in lytse taal yn Europa of ien fan de talen dy’t yn de stêd Ljouwert sprutsen wurdt. Dêr wurde aktiviteiten om hinne organisearre troch de oanbelangjende taalmienskip: poëzy, muzyk, fertelkeunst, teater, lêzings, diskusjes en presintaasjes. Kinst yn it paviljoen ek wat drinke of in hapke ite.
Artistympresje fan it Paviljoen.
By it Talepaviljoen fynst de Taletún. It is in tún fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar gesinnen en skoalklassen!
Dêrneist geane wy ek de provinsje yn mei de Talekaravaan. Dêrmei slút Lân fan taal oan op besteande festivals en eveneminten en fersterket se mei in ryk, talich (muzyk)programma! It programma is in maskelyn fan byldzjende keunst, teater, muzyk, film en literatuer. As besiker kinsto boppedat aktyf meidwaan.
Sjoch foar in oersjoch fan alle aktiviteiten: www.lânfantaal.frl