De ‘moaie wurden’ fan Praat mar Frysk binne fan hjoed ôf net allinne te krijen as in moai pakketsje kaartsjes, mar steane no ek – in seleksje – op in tas! Superleuk om sels te hawwen mar ek om wei te jaan as kadootsje. Om de priis hoechst it net te litten want dizze tas kostet mar € 2,95. Eksklusyf en allinne te krijen by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert of Afûk websjop.

Mei de tas op stap? Meitsje even in foto en diel ‘m fia dyn socials mei #praatmarfrysk. Fine wy leuk 👍