Jim wienen fansels wend oan in fêst ritme op ús Twitter- en Facebook-account. Dat komt even oars! Fansels alle dagen wer wat nijs, mar wy pakke it dit jier krekt even oars oan!
Op moansdeis in siswize of in Fryske wiisheid. Op tiisdeis tiid foar poëzij mei in moai Frysk gedicht. Woansdeis sille wy te taallearen! Hoe? Alle woansdei ‘Wat is goed?’ Op tongersdeis, lykas altyd in Frisisme en ús Taalpraatsje op Omrop Fryslân-radio en op freeds alle kearen wer in ferrassing!
En fansels net te ferjitten Frysk op ‘e dyk-bydragen, Praat mar Frysk-foto’s, nijs en noch folle mear leuks! Hooi!