Do hast grif wol ris heard fan de Fryske Twitterdei fan de Praat mar Frysk-kampanje. De belangryske reden om sa’n dei te organisearjen is om it Frysk ek sichtber te meitsjen op sosjale media en om sjen te litten hoe’t je in lytse taal grut meitsje kinne.
Dit jier organisearret op tiisdei 26 septimber de Afûk in ‘Ynternasjonale Social Media Dei’ foar lytse talen. Net allinnich Fryslân docht mei, mar tal fan organisaasjes út mear as 14 oare lannen yn Europa. Underoaren Baskelân, Ierlân, Malta, Kataloanië, Friulië, Cornwall, Wales en Galisië, hawwe harren dielname al tasein.
Wy wolle dy freegje oftsto dit jier ek meidochst! Ien berjocht op Twitter, Facebook en/of Instagram mei de hekstek #Frysk kin al in heel soad dwaan. Mei it #Frysk kinst dyn boadskip op in ûnderskiedende wize by miljoenen minsken ûnder de oandacht bringe. En mei #EDL2017 ferbynst it Frysk mei oare Europeeske lytse talen. Dochst mei?
Kreativiteit en humor binne dêrby heel belangryk. De Ynternasjonale Socia Media Dei moat wat wêze dêr’tst graach ûnderdiel fanút meitsje wolst.
Boppedat is deFryske Socia Media Dei de perfekte gelegenheid om dy yn it #Frysk te ûnderskieden fan de rest en flaters meitsje is net slim. Mochtest al taalhelp nedich hawwe, nim dan gerêst kontakt op. Tip: brûk de Wat Wurd It-app of sjoch op www.taalweb.frl.
De Fryske Socia Media Dei is in stimulâns om dyn eigen #Frysk te brûken. It is dyn taal en dy fan hûnderttûzen oaren en dat meist sjen litte! It mei opfalle datst dy ûnderskiede kinst!
De mienskiplike #hekstek foar alle dielnimmende talen is #EDL2017!