Brûk #Frysk en doch mei!
Dit jier organisearret de Afûk op tiisdei 26 septimber in Ynternasjonale Social Media Dei foar lytse talen yn Europa. Dy dei is it ek de Europeeske Dei fan de Talen. Net allinnich Fryslân docht mei, mar ek tal fan oare organisaasjes út mear as 16 oare regio’s yn Europa. Under oaren Baskelân, Ierlân, Malta, Kataloanië, de Sorben, Friulië, Cornwall, Wales en Galisië, hawwe harren dielname al tasein. En der komme hast alle wiken nije regio’s by.

De Ynternasjonale Social Media Dei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Mei dizze dei wolle wy it ferskaat oan lytse talen yn Europa sjen litte op Social Media en ferbiningen lizze tusken de ferskillende mienskippen. Elke mienskip sil besykje om syn taal yn syn lân sa goed mooglik foar it fuotljocht te bringen op social media en dêr helpe wy inoar by.

#Frysk
Foar Fryslân dogge der wer in soad bekende Friezen, ynstellings en bedriuwen mei lykas: Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Lutz Jacobi en it MCL, Omrop Fryslân, Tresoar, Ziggo Nederland en Arriva.

Mei dizze aksje wol de kampanje de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter, Facebook en Instagram stimulearje.

De mienskiplike #hekstek foar alle dielnimmende talen wurdt #EDL2017 (European Day of Languages 2017).

De Social Media Dei foar lytse talen is bedoeld as online feestje foar elkenien dy’t it leuk fynt om ek ris yn it Frysk in berjochtsje te skriuwen op social media. En fansels, op oare dagen kin it ek! Fier it Frysk!