Takom jier wurde de Fryske Twitterdei en de Ynternasjonale Twitterdei foar Lytse Talen op tiisdei 26 septimber hâlden. It is dan ek de Europeeske dei fan de Talen.

“Ferline jier binne wy begûn om de Fryske Twitterdei breder te lûken en dêr mear lytse talen oan ta te heakjen. De Gaedhlig Twitterdei út Skotlân hat him doe by ús oansluten en der is ek op beskieden skaal meidien yn Wales, Ierlân, Baskelân, Cornwall en Galisië. Takom jier wolle wy it grutter oanpakke en sykje wy yn safolle mooglik regio’s mei lytse talen entûsjaste partners dy’t binnen harren eigen regio de minsken entûsjast meitsje kinne om mei te dwaan,” sa seit Mirjam Vellinga.

Lytse talen meitsje de wrâld grutter

Op dizze wize wurde de lytse talen yn Europa mei-inoar ferbûn en fiere wy mei-inoar ús talen. Trochdatst in lytse taal praatst en meartalich bist, fielst dy ferbûn mei minsken út hiel Europa en dêrbûten. Dat is rykdom: lytse talen meitsje de wrâld grutter!