
Mei dizze PraatmarFrysk-stikker kinst fansels sjen litte datst Frysk praatst en dat oaren dat ek tsjin dy dwaan kinne. Hy kin oer min waar, dat hy is ek ferrekte handich foar op it rรบt, de doar, dyn fyts, dyn auto, dyn tas, dyn aginda, dyn dinges... Formaat: 9,5 sm.

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dรชr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!


Bisto lykas รบs grutsk op it Frysk en wolst it mear brรปke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dรชr by helpe kin!

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?
Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!
๐ฆ Omdat het zo brodzig was had Hylke wel zin in een ijsco. En een peteertje over het weer... โ๏ธ
โ๏ธ ๐ช๐ถ๐๐๐๐ผ ๐ป๐ผ๐ฐ๐ต ๐บ๐ฒ๐ฎ๐ฟ ๐๐๐ฟ๐ฑ๐ฒ๐ป ๐ณ๐ผ๐ฎ๐ฟ ๐ถ๐ ๐ต๐ถ๐๐ฒ ๐๐ฎ๐ฎ๐ฟ? โ๏ธ
Wat is it lekker soel, brodzich, near, lumich, brodsk, hyt, switterich, lรบnsk, gleon, lomich, longerich, matsk en modzich waar net?
#Frysk
๐๐ฎ๐ฎ๐ฎ๐ฎ๐ด๐ผ๐ฒ๐ถ๐ฒ! En alwer in moaie #Frysk op `e dyk-foto! ๐ธ
Dizze krigen wy tastjoerd troch Jitske, tankewol! ๐ฅณ
โก๏ธ ๐๐ฎ๐๐๐ผ ๐ฒ๐ธ ๐ถ๐ป ๐บ๐ผ๐ฎ๐ถ๐ฒ #๐๐ฟ๐๐๐ธ ๐ผ๐ฝ `๐ฒ ๐ฑ๐๐ธ-๐ณ๐ผ๐๐ผ? ๐ ๐ฎ๐ถ๐น `๐บ ๐ป๐ฒ๐ถ ๐๐ป๐ณ๐ผ@๐ฝ๐ฟ๐ฎ๐ฎ๐๐บ๐ฎ๐ฟ๐ณ๐ฟ๐๐๐ธ.๐ป๐น !
Op besite by Spar Bijlsma yn Garyp foar in nije Praat mar #Frysk-fideo! ๐ฅ
โก๏ธ Want by de Spar yn Garyp witte se wat wurket: `Praat de taal fan jo klant!` ๐๐ฒ
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl