Bedriuwsfideo

Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge. En dêr meitsje wy in fideo fan! Hjirûnder fynst in oersjoch.

Brûksto it Frysk ek op dyn wurk? Wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail ús: praatmarfrysk@gmail.com!

  • Praat mar Frysk yn 'e soarch!
    anemptytextlline

    Wy fan Praat mar Frysk gienen op besite by soarchgroep Noorderbreedte. Oer it Frysk yn ‘e soarch en hoe fijn it wêze kin ast dy yn dyn memmetaal útdrukke kinst.

    (Dizze fideo is opnommen foar’t de RIVM-maatregels fan krêft wienen)

  • Dit is it lekkere fan Albert Heijn Damwâld
    anemptytextlline

    Wat in primeur! De earste twa Frysktalige supermerken yn Fryslân binne offisjeel iepene. De Albert Heijn yn Damwâld en ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar binne fan no ôf op en top Frysk. Durk Boer fan de Albert Heijn yn Damwâld fertelt wêrom’t dit in skitterende ûntwikkeling is.

  • Praat mar Frysk yn bedriuw!
    anemptytextlline

    Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich. It is dêrom weardefol dat minsken harren eigen taal sa folle mooglik brûke kinne, om har better út te ferwurdzjen. Sa brûke Feike Brouwer (Wagenborg Nedlift) en Gerben Dijkstra (Levvel, konsortsium fan BAM, Van Oord en Rebel) #Frysk by harren petearen mei elkoar en mei kollega’s. Dit soarget foar ferbining, better wurk en goede oplossingen. Sels sizze se it sa…

  • Praat mar Frysk by de dokter!
    anemptytextlline

    Praat mar Frysk op besite by Mark Esinger, húsdokter yn Tsummearum! In pear jier lyn kaam hy fanút Heemstede nei Fryslân om te wurkjen. Wy woenen wolris mei him yn petear oer wêrom’t hy in kursus Frysk docht. Húsdokter Mark oer de mearwearde fan it Frysk en wêrom’t it belangryk is foar in dokter dat dy ek it Frysk machtich is.

  • Praat mar Frysk by Zeilschool Pean!
    anemptytextlline

    Zeilschool Pean is neffens eigen sizzen in échte Fryske sylskoalle. Hoe sit dat? Hy gean sy mei it Frysk om en wat smyt it harren op? Wy gienen op ‘e kofje om te hearren hoe’t sy it dogge. Tsjek de fideo!

  • Praat mar Frysk by it Wetterskip
    anemptytextlline

    Hoe giet it Wetterskip om mei it Frysk op kantoar? En wêrom is in kursus Frysk foar harren meiwurkers sa handich? Tsjek it filmke! Praat mar Frysk, ek by it Wetterskip!

  • Op 'e kofje by Hulpmiddelencentrum Fryslân
    anemptytextlline

    Hulpmiddelencentrum Fryslân bestelde Praat mar Frysk-promoasjemateriaal. Reden foar ús om ris op ‘e kofje! Want hoe dogge sy it dêr mei it Frysk?

  • Op ‘e kofje by Saar aan Huis Fryslân
    anemptytextlline

    Thússoarch yn it Frysk… Dat is dochs hiel gewoan? ‘Saar aan Huis’ fynt fan wol. En harren kliënten en meiwurkers binne it dêr hielendal mei iens! Wy gienen op ‘e kofje by ‘Saar aan Huis’ om te hearren hoe en wat. Tsjek de fideo!

  • Op 'e kofje, eeh wyn, by De Wijnimporteurs yn Sint Nyk!
    anemptytextlline

    Mear as 300 winen en ek noch in eigen label: ‘de Frison’, in échte Fryske wyn. Hoe sit dat presys? Wy gienen op ‘e kofje, eeh wyn, by de Wijnimporteurs yn Sint Nyk om te hearren wat sy mei it Frysk hawwe en wat it harren opsmyt! Tsjoch!