Workshops oer taal, meartaligens en identiteit

Taal spilet in gruttere rol as datst tinkst

Workshop Taal op it Wurk

Dizze wurksjop is in dynamysk en luchtich petear oer taal en yn it bysûnder oer taal op it wurk.
It moaie is: alles kin sein wurde en mei der wêze! Wat betsjut taal foar dy? Hoe belangryk is it? En taal op it wurk: hoe fielt dat eins foar dy? Brûksto taal as middel yn dyn wurk en hoe dochst dat? Of soest it graach brûke wolle? Wêr rinst tsjinoan en wat bist nedich?

Hoe giet dat mei taal tusken kollega’s en mei it management, de direksje, de bestjoerders?
En hoe wurket it mei taal yn it kontakt mei klanten of ynwenners?

De wurksjop is bedoeld om ús bewust te wurden fan ús taal en de rol dy’t taal spylje kin yn it deistich wurk. De dialooch set oan ta tinken én daget út ta ekspearimint en aksje.

Wannear: yn oerlis mei jo
Foar wa: bedriuwen, organisaasjes en oerheden
Tiid: yn oerlis, de workshop duorret min in oere, mar is ôfhinklik fan jo winsken

Wolle jo mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia praatmarfrysk@gmail.com

Workshop Psychology fan dyn Taal

Dizze workshop biedt ynsjoch yn taalgedrach fan minsken yn it algemien. Dêrneist jout de workshop hanfetten om keuzes te meitsjen yn dyn eigen taalgedrach yn it bysûnder.

Net omdat it moat, mar omdat it nijsgjirrich is. Fleurich, mei ynhâld en foar elkenien te folgjen. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst.

Wannear: yn oerlis mei jo
Foar wa: elkenien dy’t nijsgjirrich is nei syn/har eigen taalgedrach en -gewoantes.
Tiid en plak: yn oerlis, de workshop duorret ca. 2,5 oere en hat ek in weromkommomint. De workshop wurdt sawol fysyk as digitaal jûn.

Wolle jo mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia praatmarfrysk@gmail.com

Workshop Gastfrij Frysk: Ambassadeur fan jo streek

Untdekke wat jo bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe’t jo dat oerbringe kinne op jo gasten, relaasjes en kunde. De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Jo leare om op nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit en om dit op in natuerlike, autentike wize oer te bringen op jo gasten.

Wannear: yn oerlis mei jo
Foar wa: rekreatyf ûndernimmers of ûndernimmersferieningen
Tiid: yn oerlis, de workshop duorret 2,5 oere

Wolle jo mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia praatmarfrysk@gmail.com