De leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân is der takom jier ek digitaal!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is fanôf takom jier ek as web-app beskikber. Sa kinne wy him foar elk dy’t ‘m oanfreget op maat oanbiede. Leuk foar by jim yn de kroech fansels, mar ek mei kollega’s yn de bedriuwskantine, mei freonen yn de keet of gewoan thús! En it is ek noch hielendal fergees! Jou dy op fia ûndersteand formulier en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op om spesjaal foar jim in kroechkwis gear te stallen. Wy hoopje yn 2024 de earste digitale Praat mar Frysk-kroechkwis út te setten!

Fragen?
Wolst mear witte? Freegje it ús fia: ynfo@praatmarfrysk.nl.

Alfêst oanfreegje

    Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
    linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram