De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

Mei de wurdboek- en oersetfunksje hast oeral en altyd in Frysk wurdboek by dy! Kinst wurden oersette fan Nederlânsk nei Frysk en oarsom en ek langere stikken tekst oersette.

Wolst dyn taalkennis teste? Dat kin mei ‘Blinder of blunder’. Mei ‘Blinder of blunder’ kinst geregeld teste hoe’t it der mei dyn Frysk foar stiet! Fan stavering oant betsjutting. En wa wit learst noch wat by ek!

Fia de Praat mar Frysk-app kinst in hiel soad Fryske GIF-kes brûke, ferstjoere en downloade.

Wolst nóch mear oerset- of taalhelp? Gean dan nei Frysker.nl. Sikest oare Fryske apps? Of Fryske games en taalspultsjes foar jong en âld? Of wolst mear witte oer de Fryske Google Translate? Tsjek www.Taalhelp.frl! Alles Fryske taalhelpmiddels op ien plak!

Fergees foar iOS en Android

Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram