Workshops

Ambassadeur fan jo streek

Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
foto dd 02-12-2016
Leeuwarden 
Afuk
Praat mar Frysk , PraatmarFrysk







 










 




.





































































.




























































.

Workshop Gastfrij Frysk: Ambassadeur fan jo streek

Untdekke wat jo bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe’t jo dat oerbringe kinne op jo gasten, relaasjes en kunde. De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Jo leare om op nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit en om dit op in natuerlike, autentike wize oer te bringen op jo gasten.

Yn maart en april 2017 wurdt de workshop Gastfrij Frysk op ferskate plakken yn de provinsje oanbean oan rekreatyf ûndernimmers.

De workshop bringt de ûndernimmer kennis by oer:

  • It ûnderskiedende fan harren streek
  • De skiednis, it lânskip, de kultuer en minsken
  • It brûken fan taal yn it bedriuw, de wearde fan meartaligens.
  • Tapassing fan de opdiene kennis yn it eigen bedriuw en de belibbing fan de gast.
  • Tapassing fan de opdiene kennis yn de online marketing fan it bedriuw.

Kosten: € 25,- per dielnimmer
Wannear: yn oerlis mei jo
Foar wa: rekreatyf ûndernimmers of ûndernimmersferieningen
Tiid: yn oerlis, de workshop duorret 2,5 oere

Wolle jo mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia praatmarfrysk@gmail.com of whatsApp (0627440494)


Dizze workshop wurdt mooglik makke mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân.