Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich. It is dêrom weardefol dat minsken harren eigen taal sa folle mooglik brûke kinne, om har better út te ferwurdzjen. Sa brûke Feike Brouwer (Wagenborg Nedlift) en Gerben Dijkstra (Levvel, konsortsium fan BAM, Van Oord en Rebel) #Frysk by harren petearen mei elkoar en mei kollega’s. Dit soarget foar ferbining, better wurk en goede oplossingen. Sels sizze se it sa…
-
Praat mar Frysk by de dokter!anemptytextlline
Praat mar Frysk op besite by Mark Esinger, húsdokter yn Tsummearum! In pear jier lyn kaam hy fanút Heemstede nei Fryslân om te wurkjen. Wy woenen wolris mei him yn petear oer wêrom’t hy in kursus Frysk docht. Húsdokter Mark oer de mearwearde fan it Frysk en wêrom’t it belangryk is foar in dokter dat dy ek it Frysk machtich is.
-
Op 'e kofje, eeh wyn, by De Wijnimporteurs yn Sint Nyk!anemptytextlline
Mear as 300 winen en ek noch in eigen label: ‘de Frison’, in échte Fryske wyn. Hoe sit dat presys? Wy gienen op ‘e kofje, eeh wyn, by de Wijnimporteurs yn Sint Nyk om te hearren wat sy mei it Frysk hawwe en wat it harren opsmyt! Tsjoch!